Nieuws

Fryslân yn Ferbining ferbynt yn corona-krisis

Door de redactie van de Bildtse Post

Troch de corona-krisis driigje kwetsberen en âlderen yn in sosjaal isolemint telâne te kommen. De provinsje Fryslân set dêrom fan ‘e wike mei in nij inisjatyf útein: Fryslân yn Ferbining. Doel is om ynwenners dy’t fan help ôfhinklik binne oan ynstânsjes dy’t stipe biede te ferbinen.

Deputearre Hoogland: “De corona-krisis hat in grutte ympakt op de leefberens yn ús provinsje. Op de webside Fryslân yn Ferbining kinne ynwenners mei in helpfraach  lêze wêr’t se terjochte kinne. Dêrmei wolle wy de mienskip bemoedigje en minsken fierder helpe yn dizze drege tiid.”

Ek foar ûndernimmers - De kampanje is ek op ûndernimmers rjochte. In soad Fryske bedriuwen wurde troch de corona-krisis rekke. Regelingen en aksjes foar bedriuwen binne op Fryslân yn Ferbining werom te finen. Yn de rin fan de kommende wiken sille mear tema’s en doelgroepen by de kampanje oanslute. Sjoch foar mear ynformaasje www.fryslan.frl/fryslanynferbining.

Buienradar.nl


Laatste columns



Buienradar.nl