Nieuws

Gaya Indonesia wordt Waddenherberg The Friezinn

‘Heechsteand, lokaal en biologysk, dat wolle wy hjir oanbiede’

Door de redactie van de Bildtse Post

Café Gaya Indonesia op de Westhoek heeft sinds vrijdag 31 juli een nieuwe eigenaar: Douwe Gerlof Heeringa. Na 25 jaar ondernemen op de Westhoek droegen Cor van der Weide en Agus Aguswan de bekende horecazaak over aan Heeringa die onder andere met zus Geartsje Haringsma in wil springen op de positieve toeristische ontwikkelingen aan de Friese Waddenkust. Eind oktober moet The Friezinn open zijn voor publiek.

Douwe Gerlof

Door Gerard de Jong - Lang was Gaya Indonesia een combinatie van bruine kroeg, Indonesisch restaurant en een winkel met kunstartikelen uit onder andere Bali. Met het concept van Waddenherg zetten de Heeringa’s in op de trend van lokaal en gezond eten. Hierbij vormt de nabijgelegen Waddenzee en de akkers en weilanden van Noordwest-Friesland een inspiratiebron.

‘It wurdt ús gund’ - Vrijdag om 16.30 uur kon Douwe Gerlof Heeringa het nieuws eindelijk wereldkundig maken. Op facebook, ook op die van deze krant, regende het felicitaties. Heeringa: “Wow! It gong Spaansk, wy binne bedobbe ûnder prachtige reaksjes. Ik ha it hiel lang stil hâlde moatten oant de oerdracht fan de kaaien wie. It wurdt ús hiel bot gund, dat fiel ik. As regio-oanjager haw ik hjir altyd fantastyske kontakten hân mei ûndernimmers en bewenners. Ik fiel my hjir thús.”

Er wordt inmiddels al volop gewerkt aan de verbouw van het restaurant. “Der moat nochal wat barre. Der wurde op it stuit muorren ôfbrutsen, der wurdt ferve. Gaya Indonesia wie in restaurant, winkel en keunstsaak ynien. Wy wolle der ien konsept, de Waddenherberg, fan meitsje. Dan moat der al wat feroarje.”

‘Protestantsk fingerke’ - Eind 2018 gaf Heeringa zijn baan als regio-aanjager van Noordwest-Fryslian eraan. Hij verkaste naar Vlaanderen, van waaruit hij zijn communicatiebureau bestierde. “Der wei gean giet my wol oan it hert, hear. De Flaamske kultuer is hiel noflik, wat losser. Guon Hollanners soene hjir de kribels krije. It strange protestantske fingerke fan boppe de rivieren is hjir net. It giet wat mear mei de Frânske slach. Der is oandacht foar de sjarme fan de ymperfeksje, sis ik wolris. Mar dat kinne jo op it Bilt ek fine, dat past by my.”

‘Komt wol goed’ - Het idee voor de Waddenherberg ontstond al in 2017, vertelt hij. “Ik rin al sûnt Peaske 2017 om mei dit idee. Ynienen hie ik it, in ‘eureka-momint’, en it hat my dêrnei nea wer loslitten. Uteinlik hat it trije jier duorre, mar it wie ‘meant to be’.”

Een café-restaurant overnemen in 2020 is geen sinecure, vanwege alle beperkingen rond het coronavirus. Toch twijfelde hij niet lang om het plan alsnog door te zetten. “Troch corona kaam it oan it begjin fan it jier wat op in leech pitsje te stean. Wy woene earst efkes sjen hoe’t it allegear komme soe. Mar al gau hiene wy der dochs wer betrouwen yn. ‘Dit komt wol goed’, tocht ik, en dat wit ik seker.”

Groeikansen - Heeringa kent de streek en ziet volop kansen voor meer toerisme, zij het naar aard en schaal van het gebied. “Der is hjir in soad ferkear nei de seedyk. Der komme hieltyd mear minsken dy’t genietsje wolle fan it Waad en de Bildtdiken. Der is hjir sprake fan ‘gestage groei’ en dat is ek de ienige manier wêrop’t it toerisme hjir groeie kin. Mei lytse stapkes. Der sil hjir gelokkich net gau in cruiseship oanlizze mei hûnderten toeristen, dat past ek net by it gebiet. Minsken, ek de bewenners, binne hjir foar de rêst, de romte en de kultuer. Dat is it goud fan dizze streek. Der moatte jo sunich op wêze.”

‘Guozzen op it menu’ - Bijzonder is dat Heeringa het avontuur aangaat met zijn zus Geartsje. “Ja, dat is hiel bysûnder. Wy hawwe in hiele sterke famyljebân. Geartsje hat in ‘food-truck’, en har man mei jeie. Guozzen dy’t ôfsjitten wurde komme by ús op it menu. Dat binne fantastyske gerjochten. Heechsteand, lokaal en biologysk, dat wolle wy oanbiede. Wy wolle de iepeningstiden fan Gaya Indonesia earst oanhâlde. Op de tiisdeis ticht, en de rest fan de wike iepen. De earste reservearrings foar yn oktober binne al binnen!”

Op de website www.thefriezinn.nl is ook de verbouwing te volgen.

Geartsje Heeringa

Buienradar.nl

Bildts Filmhuus:



Podcast Nag even Bildts:


Laatste columns



Buienradar.nl