Nieuws

‘Us nije praktykromte is in segen yn koroanatiid’

Impuls Fysiotherapie behaalt HKZ-certificaat

Door de redactie van de Bildtse Post

Impuls Fysiotherapie in St.-Annaparochie heeft eind december met succes een kwaliteits-audit doorstaan. De praktijk kreeg daarmee het gewenste HKZ-certificaat, waar eigenaren Alle Sterk en Lyze Feitsma samen met hun collega’s hard aan hebben gewerkt. Tijdens de eerste corona-lockdown, afgelopen april, zaten ze niet stil en konden ze vooral met het papierwerk aan de slag. Alle Sterk: “It hâldt ús in spegel foar.”

V.l.n.r. Bianca Laban, Alle Sterk en Lyze Feitsma met het pas verworven HKZ-certificaat.

Door Gerard de Jong - Een gebakje bij de koffie: met deze bescheiden traktatie vierde Impuls Fysiotherapie vlak voor Kerst het behalen van de kwaliteit-certificering HKZ (Harmonisatie Kwaliteitsbeoordeling in de Zorgsector). Voor Alle Sterk, Lyze Feitsma en hun werknemers een mooie bekroning op veel werk, in een moeilijk coronajaar. “It sertifikaat is net ferplichte, jo dogge der frijwillich oan mei. Sûnt ús yntrek hjir (in het voormalig gemeentehuis van St.-Anna, red.) en de ferbouwing wiene wy der mei dwaande. It soarget derfoar dat jo alles op papier hawwe, en it hâldt ús in spegel foar, dat is hiel belangryk,” vertelt Alle Sterk.

‘Berikberheid ferbettere’ - De certificering zorgt ervoor dat Impuls constant nieuwe doelen stelt, regelmatig de eigen bedrijfsvoering onder de loep neemt en evalueert; Het werken met een beleidsplan, jaarplan en jaarverslag zorgt voor een doorlopende kwaliteitscyclus, waardoor je jezelf blijft ontwikkelen en verbeteren.
Sterk: “In foarbyld is it ôfnimmen fan in pasjinte-enkête. Dat hiene wy al earder dien, mar dan diene wy net in soad mei de data en sifers dy’t dat opsmiet. It binne lytse saken, mar ien punt dat der út nei foaren kaam wie ús berikberheid. Bianca Laban sit by ús fan 8.00 oant 12.00 oere oan de baly. Middeis is der net ien, dat kin net, en dan krije jo ek net ien oan de line. Dêr wiene opmerkings oer, en dat hawwe wy oppakt. Wy hawwe de voicemail oanpast en it better ynrjochte. Wy binne der no op ôfjage om eltsenien deselde dei noch te beantwurdzjen. It is goed dat dit soart saken oanjûn wurde toch ús klanten, sadat wy der wat oan dwaan kinne.”

“Us ‘core business’ is behannelje, dus der kaam wol in soad by. Foaral oan papierwurk, mar it is ek wichtich foar de bedriuwsfiering om goeie dossiers op te bouwen, alles folslein en korrekt te beskriuwen. Dêrfoar moat ik Bianca Laban ek in plom jaan, dy hat in geweldich soad wurk ferset om dit sertifikaat te beheljen.”

‘Oan de ketting’ - Toen de coronacrisis in maart 2020 uitbrak, was ook Impuls Fysiotherapie gesloten tijdens de eerste lockdown. “Troch koroana leine wy yn maart en april oan de ketting. Wy koene allinnich needgefallen behannelje, of fia fideo wurkje. Mar wy hawwe net stilsitten. Doe’t wy yn maaie wer iepen koene hiene wy in hiele grutte stap set mei it papierwurk foar it sertifikaat, dêr wie doe ek tiid foar. Yn maaie koe der wer opskaald wurde en doe wie it alle hens oan dek. Om de efterstannen fuort te wurkjen en alles wer op ‘e rit te krijen.”

De verhuizing van Impuls naar het nieuwe gezondheidscentrum heeft zich juist tijdens de coronacrisis dubbel en dwars uitbetaald: ze hebben veel meer ruimte. Sterk: “Wy fûnen it hjir earst hast té rom. Ik wit noch wol dat Lyze en ik tsjin inoar seinen: ‘wat moatte wy mei al dizze romte?’ Mar no is it in segen, wy binne der och sa wiis mei. Wy kinne hjir maklik oardelmeter oanhâlde yn de wachtromtes. Der binne looprûtes en ús ekstra brede trep helpt ús no ek.”

‘Gjin diskusje oer mûlkapkes’ - Impuls Fysiotherapie stelde vrij snel een coronaprotocol op. “Wy hawwe goed neitocht oer hoe’t wy it ynrjochtsje soene. It moat feilich wêze, en de minsken doare it ek oan. Der bliuwt mar in inkeling thús, faak omdat dy persoan ta de kwetsbere doelgroep heart. Mar oarsom bart ek: der binne twa klanten dy’t net mear komme wolle omdat in mûlkapke ferplicht is.
Dy woene per see gjin kapke drage. Ek dat respektearje ik, mar wy geane der net oer yn diskusje. Wy binne gjin wittenskippers, ús kliïnten ek net, dus tegearre losse wy it dochs net op. Wy wolle foarkomme dat de ien wol in kapke op hat en de oare net, en dat der dan yn de wachtromte argewaasje oer komt. Gelokkich fine de measte minsken it hiel logysk.”

Sterk en Feitsma zijn zeer tevreden dat het certificaat behaald is. “It is in keurmerk, it jout oan dat wy serieus wurk meitsje fan kwaliteit yn de soarch en behannelings dy’t wy oanbiede. Mar it soarget der ek foar dat wy skerp bliuwe op ús bedriuwsfiering en mooglike ferbetterings. Efteroer leune is der net by, en dat wolle wy ek net.”

www.impulsfysiotherapie.nl

Buienradar.nl

Bildts Filmhuus:



Podcast Nag even Bildts:


Laatste columns



Buienradar.nl