Nieuws

Anja Riem van SWS de Fierljepper over ‘corona-onderwijs’

‘It is in opluchting dat ‘snotnoasbern’ net mear thús hoege te bliuwen’

Door de redactie van de Bildtse Post
Anja Riem.

Met een oplopend aantal besmetting en bijna wekelijks nieuwe of aangepaste maatregelen blijft onderwijs in tijden van corona een enorme uitdaging. Bij samenwerkingsschool De Fierljepper in Vrouwenparochie zijn ze niet ontevreden over hoe het na de zomervakantie gaat, vertelt directeur Anja Riem. Vooral het feit dat de kinderen met een snotneus gewoon weer naar school mogen komen maakt het onderwijs er een stuk gemakkelijker op.

Door Gerard de Jong - Riem is behoorlijk content over hoe het onderwijs op haar school in Froubuurt vorm gekregen heeft na de zomervakantie. Ja, het is een uitdaging, en ja, door corona blijft het schipperen en moet je flexibel zijn. Maar haar team pakt het geweldig op, vertelt ze.

Hoe verloopt het onderwijs op de Fierljepper na de zomervakantie?
“It thúsûnderwiis fan in in pear moanne lyn, foar de simmerfakânsje, gong hiel foarspoedich. It team wie tige fleksibel. Der wie gjin draaiboek mar yn ‘no-time’ hiene wy ús oanpast oan it thúsûnderwiis.”

Hoe zit het met de leerachterstand?
“It is wol sa dat guon bern it dreger hiene mei it thúslearen as oaren. Benammen de ‘middenbouwers’ fan groep 3/4/5 hawwe it swierder hân. De âldere bern binne dochs wat makliker te ynstruearjen, de jongere bern hawwe mear begelieding nedich.”

Die achterstand wordt nu snel ingehaald?
“Ja, foar groep 4 bygelyks is it wol oanpoatsjen, hear. Sy hawwe wol wat mist troch it thúsûnderwiis, foaral mei lêzen leare. Júst dat is fûneminteel wat om yn ‘e klasse te dwaan, dat wol hast net op ôfstân. Gelokkich pikke se it gau op, en hawwe wy der ekstra ûnderwiisbegelieding by.”

Heeft de Fierljepper zelf coronagevallen gehad?
“Wy hawwe in pear bern hân dy’t sels test binne, of dêr’t yn de famylje ien wie dy’t test wurde moast. Gelokkich hawwe wy gjin positive testen hân. It is foar ús echt in opluchting dat de ‘beslisboom’ oardel wike ferlyn oanpast is. Dat de ‘snotnoasbern’ net mear thús hoege te bliuwen. As skoalle kinne jo je der hast net op tariede, en dan rinne yndividuele bern wer in efterstân op. Wy binne o sa bliid dat eltsenien no wer op skoalle is.”

Hoe gaat het team om met ‘corona-onderwijs’?
“It team hat it fan it begjin ôf geweldich dien. Nuchter, realistysk en mei in soad wille hawwe sy it ûnderwiis wer oppakt. Der bin ik hiel grutsk op, echt: alle wurdearring. As meiwurkers hâlde wy safolle mooglik de oardel meter ôfstân. Mar as in bern falt en leit te gûlen, dan is der hjir gjinien fan ús dy’t der net op ôfstapt!”

Buienradar.nl


Laatste columns



Buienradar.nl