Nieuws

Sijbe Knol nije foarsitter Steatefraksje FNP

Door de redactie van de Bildtse Post

De fraksje fan de FNP yn provinsjale steaten hat Sijbe Knol keazen as nije fraksjefoarsitter. Corlienke de Jong docht, nei hast seis jier fraksjefoarsitterskip fan de FNP, in stap tebek. Sijbe Knol (29) fan St.-Anne is de opfolger fan Corlienke de Jong as fraksjefoarsitter foar de FNP.

Sijbe Knol

Knol: “Corlienke hat foar de FNP yn 2015 en 2019 mei oan de widze stien fan twa koälysje-perioades yn Fryslân. Corlienke de Jong hat oanjûn it te drok te hawwen mei har oare wurksumheden en dat respektearje wy.”

Rein van der Wal fan Surhústerfean sil nei alle gedachten it frijfallende plak fan De Jong ynnimme. Sybren Posthumus fan Reduzum wurdt fise-fraksjefoarsitter. Corlienke de Jong: “Ik skaai út mei it fraksjefoarsitterskip en lidmaatskip fan de steatefraksje fan de FNP en haw myn sit werom jûn oan de partij. Myn baan as dosint oan it Friesland College is, al hielendal yn dizze koroana-tiid, net langer te kombinearjen mei de wurksumheden foar de provinsjale steaten fan Fryslân.”

De fraksje sil no fierder mei Sijbe Knol as polityk lieder. Knol kaam yn 2016 yn de ried fan Menameradiel, dêrnei Waadhoeke en is sûnt maart 2019 fisefraksjefoarsitter yn provinsjale steaten. Knol: “It is in grutte ferantwurdlikens, de FNP is de grutste regionale partij fan it lân en hat de lêste jierren in fernijingsslach trochmakke. Ik ha der nocht oan om dy line troch te setten.”

Buienradar.nl

Bildts Filmhuus:



Podcast Nag even Bildts:


Laatste columns