Nieuws

‘Moai dat ik hjir bin, mar de skoalle is fan de bern’

Sjoerd de Jong begonnen als directeur van Ulbe van Houten

Door de redactie van de Bildtse Post

Ruim drie weken is Sjoerd de Jong nu directeur van Ulbe van Houten/Campus Middelsee. De Jong (55) volgde Eelco Bruinsma op, die naar AMS in Franeker vertrok. Van wittebroodsweken is in coronatijd geen sprake, daarvoor moet er simpelweg teveel gedaan worden. Dat neemt niet weg dat De Jong zijn eerste weken als “een warm bad” heeft ervaren.

Directeur Sjoerd de Jong (links) en interim-directeur Rinze Steneker van csg Ulbe van Houten.

Door Gerard de Jong - “Ik hie hjir al twa kear earder west,” vertelt De Jong in zijn kantoor in het Campusgebouw. Hij is oprecht enthousiast over wat hij in St.-Annaparochie aantrof. “Jonges jonges, wat in moai gebou stiet hjir. Ik bin op 1 febrewaris begûn en haw it echt as in waarm bad erfaren. Fansels is in grut part fan de bern no net op skoalle, ik tink dat der sa’n 150 fan de 600 learlingen binne. Mar wat echt opfalt is hoe freonlik se allegeare binne. De gastfrijheid, de leuke en iepen sfear, dy treft my hjir. Dat jo as in bûtensteander sa ûntfongen wurde. En se binne o sa grutsk, de bern. It is moai dat ik hjir bin, mar it is harren skoalle. “Vind u onze school ook zo leuk directeur?” fregen sy my. ‘Onze school’, sa fiele se dat echt.”

‘Speed-daten’ - De Jong, woonachtig in Rottum, was hiervoor directeur van de locaties Grijpskerk en Kollum van het Lauwers College. Hij is in zijn nopjes met zijn nieuwe functie, dat is duidelijk. Dat geldt evenzeer voor Rinze Steneker – De Jong: “Rinze is myn rjochterhân, hy ferbynt it âlde en it nije” – die na het vertrek van Bruinsma vorig jaar als interim-directeur optrad. Steneker begon vijftien jaar geleden op de Ulbe van Houten, nu is hij teamleider. Hij kijkt tevreden toe hoe De Jong zijn weg vindt binnen ‘de Ulbe’.

Een makkelijke tijd om te beginnen is het echter niet. De Jong: “It is in bizarre tiid om oan in nije funksje te begjinnen. De helte fan it personiel sit thús. Ik haw my fia in fideoskerm foarsteld, ynstee fan yn de kantine foar de folsleine groep te stean. Dizze earste wiken bestien foar my foaral út kennis meitsje mei myn kollega’s. Dat doch ik troch in hjir beproefde metoade, de speed-date (leerlingen kunnen op het Leerwerkplein op de Ulbe geregeld speed-daten met lokale ondernemers, red.). De iepenheid en de grutskens fan de meiwurkers falt echt op.”

Uitdagingen - De Jong stelt zich naar eigen zeggen kwetsbaar op tijdens deze kennismakingsronde. “En dat krije jo dan ek werom. Ik woe foaral sjen litte wa’t ik bin: in ûnderwiisman yn ieren en sinen. Ik mei graach it boechbyld fan de skoalle wêze. De grutste útdaging foar de skoalle is it oplieden fan bern foar de regio, om se hjir te hâlden. Der komt ek in stikje mienskip by om de hoeke sjen. It Leerwerkplein is der echt it bêste foarbyld fan.”

De school moet zich doorlopend profileren, maar veel meer dan concurreren wordt nu op samenwerking ingezet. “De konkurrinsjestriid is folle minder as at it wol west hat,” zegt De Jong. “Wy sykje no folle mear de gearwurking mei AMS, der’t Eelco fansels hinne gien is. Tink bygelyks oan jongerein fan ús dy’t in spesifyk fak technyk folgje kinne by AMS, as dat better is. Oarsom jildt dat ek. De meiwurkers fan AMS hawwe hjir lêsten ek efkes west om te sjen; it helpt fansels ek dat wy sûnt dit jier ûnder deselde koepel (CVO) falle.”

Examens - De meest prangende uitdaging nu is echter corona. De Jong: ‘De bern binne der wol klear mei… En dat binne wy allegear.” Toch heeft de school zich razendsnel aangepast, vindt Steneker: “De bern dy’t no op skoalle binne, dat binne de eineksamenlearlingen, de bern fan it praktykûnderwiis en kwetsbere bern. It lesjouwen fia ‘teams’ hiene wy gau opset. Wy hawwe ek leard fan de earste lockdown. Wy hawwe goed sjoen nei wat der goed en net goed gong en wiene taret op de twadde lockdown. It swiertepunt fan it lesjaan is nei de moarns ferskood. Middeis is der dan tiid foar yndividuele oandacht en ‘losse eindsjes’. Der binne in soad ekstra kontakten tusken learlingen en de mentor no. De mentor moat it allegeare yn de gaten hâlde.”

Mochten de scholen binnenkort weer open mogen, dan is de Ulbe daar klaar voor. Steneker: “De oardelmeter is de grutste útdaging. As it safier komt sille wy mei heale klassen wurkjen: de iene wike de iene helte op skoalle, de oare wike de oare helte.”

Beide zien de eindexamens met vertrouwen tegemoet. De Jong: “Foarich jier wie hjir 100% slagge. Dat kinne jo ‘Noard-Koreaansk’ neame, mar der moat wol echt wat foar gebeure. De bern krije it net kado. Wy hawwe goeie eintoetsen, de útslaggen derfan komme oerien mei de eksamens. En ik leau net sa yn in ‘korona-generaasje’, dy’t aanst oansjoen wurdt op harren diploma’s. Ik tink dat dat wol tafalt.”

‘Kultueromslach’ - Steneker noemt als andere sterke punten van de school dat onderwijsstages vaak uitmonden in een baan voor de leraar in opleiding. “En wy hawwe in grutte kultueromslach makke. Wy prate hjir net oer regels mar oer ferwachtings en gean út fan in positive benadering, op basis fan respekt, wille en fertrouwen,” aldus Steneker, die zegt veel van Eelco Bruinsma geleerd te hebben. “Mar dat jildt no ek al foar Sjoerd. Ik sit hjir noch wol fiif jier tink ik, al slút ik net út dat ik my ek fierder ûntwikkelje wol. Mar de gearwurking mei Sjoerd befalt goed, wy dogge it tegearre.”

De Jong beaamt dat, en prijst de ‘cultuur’ op de school. “Jo sjogge faak dat bern leare en dosinten lesjouwe. Mar hjir leare de dosinten krekt sa goed. En se wolle hjir ek hiel graach leare, fan kollega’s mar ek fan de bern. Ik wenje yn Rottum, dat is 35 minuten riden, dat falt bot ta! En ik ryd hjir echt mei nocht hinne. En middeis ryd ik mei in glim op it gesicht werom.”

Het Leerwerkplein (foto: Jan Bonefaas)

Buienradar.nl

Bildts Filmhuus:



Podcast Nag even Bildts:


Laatste columns



Buienradar.nl