Nieuws

Waling Dykstra werom yn Froubuorren

Door de redactie van de Bildtse Post

Dichter en skriuwer Abe de Vries fan Aldsyl presintearret op freedtemiddei 20 novimber - as it kin - yn it doarpshûs fan Froubuorren in bondel ferhalen en lêzingen fan Waling Dykstra én syn eigen tsiende Fryske dichtbondel, ‘Blaumelly’.

Waling Dykstra (1821-1914)

Waling Dykstra (1821-1914) wie, lykas bekend, ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de njoggentjinde ieu. Dykstra wie fan komôf in Bilkert en is berne yn Froubuorren. Yn de bondel ‘Folksskriuwer’ hat De Vries tweintich fan Dykstra syn bêste koarte proazastikken sammele en fan in ynlieding foarsjoen. De bondel is de opfolger fan ‘Duvelskeunstner’, de seleksje út Dykstra syn gedichten dy’t ferline jier ferskynde.

Abe de Vries sil op de presintaasje in lêzing hâlde oer de jeugdjierren fan Dykstra yn Froubuorren. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde prof. dr. Goffe Jensma. De Vries sil it earste eksimplaar fan syn dichtbondel ‘Blaumelly’ oanbiede oan de deputearre fan Kultuer, mefrou Sietske Poepjes.

Bijwenje - Yn ferbân mei de koroanaregels kinne maksimaal tritich minsken de presintaasje bywenje. Ynrin 15.30 oere, begjin 16.00 oere.
Wa’t komme wol, wurdt fersocht him op te jaan fia email by útjouwerij DeRyp: faberhillebrand@gmail.com. Dy’t him te let oanmeldt, hat gjin plak.

Let op: As de koroanamaatregels nei 18 novimber net feroarje, sil de byienkomst net trochgean, want dan bliuwe ek de doarpshuzen sletten.

Buienradar.nl

Bildts Filmhuus:



Podcast Nag even Bildts:


Laatste columns



Buienradar.nl